• Home
  • »
  • Fryslân
  • »
  • Blogs
  • »
  • Oplieding Fryske Permakultuerlânbou set útein

Oplieding Fryske Permakultuerlânbou set útein

Oersetting: www.itnijs.frl

Netwerk Duurzame Dorpen organisearret yn ’e mande mei Permacultuurschool Nederland en Zelfoogsttuin Ús Hôf en mei finansiering fan it Stimuleringsfonds fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland de earste edysje fan de twajierrige oplieding Fryske Permakultuerlânbou.

De oplieding is rjochte op ûndernimmers yn Fryslân dy’t serieus yn har omgean litte om mei in produksjetún foar griente, fruit of nuten te begjinnen, wol of net as oanfolling op in bou- of greidebedriuw. Dielnimmers moatte op syn minst ien hektare bougrûn ta harren foldwaan hawwe.

De oplieding begeliedt de dielnimmer by it opsetten fan in eigen produksjetún op basis fan Permakultuer. Dy griente- en fruittunen fan ien oant fjouwer hektare kinne foarsjen yn it deistige ferlet fan griente fan 100/400 folwoeksenen. “Wy achtsje dit as Rabobank in prachtich inisjatyf om duorsum ûndernimmerskip yn de agraryske sektor te stypjen”, seit Jan Feenstra, direkteur bedriuwen Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland.

It earste jier fan de oplieding is rjochte op it oerdragen fan kennis oer permakultuer en rint út op in túnûntwerp, mei it kiezen fan te plantsjen soarten en it nedige materiaal. Der wurdt ek omtinken jûn oan de gearhing mei de fierdere bedriuwsfiering, it ûntwikkeljen fan in pleatslike ôfsetmerk en kennis op it mêd fan wet- en regeljouwing. It twadde jier fan de oplieding is rjochte op de yndividuele plannen fan de dielnimmer en op de bedriuwsfiering, mei direkte bedriuwsadvizen. Hoe’t soks krekt ynfolle wurdt hinget ôf fan wêr’t de dielnimmers ferlet fan hawwe.

It earste jier set op moandei 27 febrewaris 2017 útein en rint troch oant moandei 18 desimber 2017. Haaddosinten binne Taco Blom (Permacultuurschool Nederland) en Bregje Hamelynck (Zelfoogsttuin Ús Hôf, Sibrandabuorren). Njonken harren sille ferskillende gastdosinten ûnderdielen fan de oplieding fersoargje. It opjaan foar it earste jier ferplichtet de dienimmers net om oan it twadde jier mei te dwaan. It earste jier fan de oplieding bestiet út tweintich dagen teory, ekskurzjes en besites oan bedriuwen. Dêrnjonken wurdt fan de dielnimmers ferwachte dat se staazjerinne. De oplieding jout staazje-adressen, mar dêr sels yn foarsjen of dy oan te foljen kin ek. It Stimuleringsfonds fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland sponsoret in oanmerklik part fan de kursuskosten foar it earste jier fan dizze earste edysje.

Op woansdei 1 en tiisdei 7 febrewaris wurdt in ynformaasjegearsit oer de oplieding holden fan 20.30 oant 22.00 oere op it kantoar fan Netwerk Duurzame Dorpen op de Buorren 28 yn Raerd. Graach foarôf opjaan by bregje@ushof.nl. Oanfoljende ynformaasje en in opjefteformulier binne te finen op www.netwerkduurzamedorpen.nl. Ynskriuwe foar de oplieding kin oant en mei 15 febrewaris 2017. It talitten giet neffens de folchoarder fan opjaan. Der is plak foar maksimaal tweintich dielnimmers.